Ynbraak yn doarpshûs Raerd

it doarpshûs fan Raerd
Ynbrekkers ha yn de nacht fan sneon op snein har slach slein yn it doarpshûs De Trijesprong yn Raerd. Se kamen fia de achterside it gebou oan de Buorren binnen en ha dêr in soad skea oanrjochte.
Neist it jild fan it doarpshûs is ek it sparpotsje fan it pjutteboartersplak leech helle en de biljartklok. De skea wurdt rûsd op in 5.000 euro. It is noch ûndúdlik hoefolle jild der fuort is.