Fideoferbining Amelân-sikehûs

© Omrop Fryslân
Amelanners mei famylje of freonen yn it sikehûs yn Dokkum kinne dy tenei opsykje sûnder dat se sels nei De Sionsberg ta hoege te reizgjen. Troch in fideoferbining tusken De Sionsberg en it soarchsintrum De Stelp op it Amelân kin famylje op it eilân firtueel kontakt hawwe mei de pasjinten yn it sikehûs.
De fideoferbining wurdt oanlein troch it Ljouwerter bedriuw NijFinster.