Fryslân populêr by boatsjedief

© Omrop Fryslân
Der binne yn 2006 jier minder boaten en bûtenboardmotoren stellen yn Fryslân as oare jierren. Dochs is Fryslân lanlik noch hieltyd koprinner.
Ferline jier hat de plysje 288 oanjeftes binnen krigen fan stellen skippen en motoren yn Fryslân. Om de stellerij yn de takomst fierder te beheinen, moat der in bettere registraasje komme fan de skippen. Dêrby moat in karmerk komme foar de befeiliging fan it guod.