Sikehûs oerwaget privee-klinyk

29 jan 2007 - 10:11

Sikehûs de Tjongerschans op it Hearrenfean oerwaget in part fan de soarch te privatisearjen. Der komt hieltyd mear fraach fan pasjinten foar spesifike soarch dêr't it sikehûs gjin fergoeding foar krijt. Sa wolle minsken bygelyks ûndersykje litte, sûnder oanlieding, oft se syktes as darmkanker hawwe.

De Tjongerschans oerwaget in aparte privee-klinyk op te setten dêr't minsken dy soarch krije kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)