Horekapân yn Lemmer ôfbaarnd

29 jan 2007 - 09:55

Pankoekhûs Het Toverbos oan de Fjoertoerwei yn Lemmer is sneintenacht folslein ôfbaarnd. De brânwacht krige om healwei tolven in melding dat der brân wie yn it eardere restaurant De Connoisseur.

Fiif korpsen riden út om de brân te blussen. Dat wie net ienfâldich om't it gebou út allegear lytse romten bestiet, wat it blussen dreger makke. It fjoer sloech net oer nei de neistlizzende boateshowroom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)