Caravana lûkt aardich wat folk
De grutte karavan- en kampearbeurs yn it WTC Expo yn Ljouwert hat oant no ta wat mear besikers lutsen as oare jierren yn Súdlaren. Oantemei snein kamen der hast 31.000 minsken. Dat is 1500 mear as yn de Prins Bernardhoeve, dêr't de Caravana oars hâlden waard.
Neffens de organisaasje binne de standhâlders ek tefreden oer de beurs. Guon ûndernimmers woene net meiferhúzje nei Ljouwert, mar kamen dochs te sjen.