De Jouwer ferliest mei 0-2

Trener Henk Konings krige in reade kaart (foto: Martin de Jong)
Sneinshaadklasser De Jouwer is it fuotbaljier 2007 min begûn. De thúswedstriid tsjin De Treffers waard mei 0-2 ferlern.
Beide goals foelen nei rêst. By dy twadde goal gie trener Henk Konings fan De Jouwer sa fûl yn protest, dat er in reade kaart krige. Eefkes letter krige oanfaller Bert Zuurman syn twadde giele kaart en sa einige De Jouwer de wedstriid mei 10 man. De wedstriid Snits-Rohda Raalte gong oer.