Dinoskelet langer yn Ljouwert

28 jan 2007 - 16:14
  • Opbou fan it dinoskelet, it stiet der no op besjen

It skelet fan de brachiosaurus bliuwt noch in pear wike langer yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert stean. De eksakte replika fan de grutte dinosaurus soe mar twa wike yn it museum bliuwe.

It skelet stiet no krekt in wike yn it atrium fan it museum, mar it hat sa'n soad belangstelling lutsen, dat de eksposysje mei trije wike ferlingd wurdt. De grutte dino is no noch oant 26 febrewaris te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)