Aris ferliest fan Omniworld

Aris-trener André Roorda
Aris hat sneontejûn yn Almere ferlern fan Omniworld mei 85-73. Aris spile net goed tsjin de hikkesluter fan 'e earedivyzje. Dat kaam ûnder oaren om't trener André Roorda fjouwer spilers miste. It is al it sânde ferlies op rige foar de Ljouwerter basketballers en in plak foar de play-offs begjint sa stadich oan yn gefaar te kommen.
Aris stiet no 10e mei 16 punten út 23 wedstriden. Om yn de play-offs te spyljen moat Aris minimaal 8e wurde.