Deadlike oanriding yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 21-jierige man út Ljouwert is sneontejûn omkaam by in oanriding op de Egelantiersstrjitte yn Ljouwert. De man wie op de fyts doe't de oanriding mei in 20-jierige automobilist út Ljouwert plakfûn.
De fytser rekke swier ferwûne. Yn ôfwachting fan de plysje en de ambulânse ha omstanners earste help ferliend. De man is nei it MCL brocht. Dêr is er letter op 'e jûn ferstoarn oan syn ferwûnings.