Waterman ferhierd oan AZ

Boy Waterman ferhierd oan AZ
Hearrenfean-keeper Boy Waterman wurdt definityf ferhierd oan AZ. De 23-jierrige keeper sil yn Alkmaar it seizoen ôfmeitsje. Waterman hat syn kontrakt by Hearrenfean wol ferlingd mei trije jier.
Syn kontrakt rûn takom simmer ôf, mar hy is no oant juli 2010 oan Hearrenfean ferbûn. De keeper spile oant no ta 18 kear foar Hearrenfean. Hy is op dit stuit twadde keeper achter Brian Vandenbussche.