Popronde siket nij talint

Op de site fan Popronde stiet mear ynformaasje
De Popronde is foar de edysje 2007 op syk nei talintfolle Nederlânske bands en acts. Popronde wurdt alle jierren yn de perioade fan heal septimber oant ein novimber holden. It festival is net bûn oan yn styl en siket band út alle muzykrjochtings.
It festival wurdt yn elke stêd by sa'n 20 poadia holden. De Popronde wurdt yn Ljouwert organisearre yn gearwurking mei Friesland Pop. Ynteressearre bands kinne har oanmelde fia www.popronde.nl.