Sakebeurs tenei alle jierren

28 jan 2007 - 12:42

De Sakebeurs yn Drachten wurdt tenei alle jierren organisearre. It doel is om ûndernimmers út alle trije Noardlike provinsjes oan te sprekken. De beurs waard earder yn 2004 en 2006 holden, mar wie doe bedoeld as moetingsplak foar ûndernimmers út Smellingerlân.

Foar de kommende edysjes wurde bedriuwen, non-profitorganisaasjes en oerheden út it hiele Noarden útnoege. De beurs is yn it Frysk Hynstesintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)