Foar in euro mei de bus

Foar in euro mei de bus
In busreiske yn it wykein kostet tenei noch mar in euro. Ferfiersbedriuw Arriva fiert it eurokaartsje dat earder allinnich yn de skoalfakânsjes jildich wie, ek yn foar de wykeinen. By de sjauffeur kin de reizger in kaartsje keapje, dat jildich is oant it momint dat er útstapt.
Der is gjin strippekaart mear nedich. Yn it stedsferfier fan Ljouwert is it eurokaartsje alle dagen te keap.