Remize foar Werle

27 jan 2007 - 17:25

Skaker Jan Werle út Beetstersweach hat sneon remize spile yn de B-groep fan it Corustoernoai yn Wijk_aan_Zee. Hy moast it mei de swarte stikken opnimme tsjin de Turk Suat_Atalik. Werle hat no mei-inoar 4,5 punten út tolve partijen. Hy sit dêrmei yn 'e sturt fan it klassemint.

Snein is Werle syn lêste partij. Dan komt de Fries út tsjin de sterke Rus Jakovenko.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)