Kampioenskip klaaipiipsmoken

27 jan 2007 - 17:21
  • De piipsmokers by de wedstriid
  • Geselligens telt ek mei foar de dielnimmers

By bierbrouwerij Us_Heit yn Boalsert stie it sneon blau fan 'e reek. Yn it kafee by de brouwerij wie it Nederlânsk kampioenskip piipsmoken. De wedstriid is net foar gewoane houten pipen, mar foar âlderwetske pipen fan klaai. Dejinge dy't de piip it langst oanhâldt, hat wûn.

Ferkate klaaipiipsmookferienings diene mei oan de wedstriid yn Boalsert. Dêr sieten ek Belgyske clubs by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)