Alves topskoarer fan Europa

27 jan 2007 - 15:51

It is de fraach hoelang't Afonso Alves noch by SC Hearrenfean bliuwt. Syn kontrakt by de Fryske club rint noch troch, mar de transfermerk slút no woansdei.

Alves docht it sa goed dat er op it stuit topskoarer fan Europa is. Hy hat 21 doelpunten makke yn 22 wedstriden. Der wurde al bedraggen neamd fan 20 miljoen euro. SC Hearrenfean giet derfan út dat Alves yn alle gefallen dit seizoen by de club bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)