Oppakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
In 42-jierrige Stienzer is yn de nacht fan freed op sneon oppakt op fertinking fan mishanneling. Hy soe op it Ruterskertier in frou fan 22 jier út Ljouwert slein hawwe. De frou hat oanjefte dien. De fertochte sit fêst op it plysjeburo.
Op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert is in 46-jierrige automobilist út dy stêd oanhâlden foar riden mei drank op. Syn rydbewiis is ynnommen en hy krige in prosesferbaal.