Famke ferwûne yn Boalsert

27 jan 2007 - 15:04

By in ûngelok yn Boalsert is freed in famke fan 14 jier út dy stêd ferwûne rekke. It slachtoffer woe op har fyts de Turfkade oerstekke. Se hie in auto fan links noch foargean litten, mar seach te let dat der ek noch in auto fan rjochts oankaam. In oanriding wie it gefolch.

It famke hie ferskate ferwûnings en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De automobilist is 51 jier en komt út Nijlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)