Messen yn beslach nommen

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Ljouwert ferskate dingen yn beslach nommen by in previntyf-fûllear-aksje. It giet om sân messen, trije oare skerpe dingen, in buske triengas en in honkbalkneppel. De eigners hawwe prosesferbaal krige.
By de aksje binne ek tsien boetes útdield foar ferkearsoertredings. Fierders binne fiif boltsjes drugs yn beslach nommen by ian persoan. De fûllearaksje wie tongersdei yn de Ljouwerter binnenstêd.