'Nij Provinsjehûs bytsje saai'

27 jan 2007 - 14:08

It nije Provinsjehûs wurdt in bytsje saai. Dat fûnen guon belangstellenden dy't freed op de presintaasje fan it ûntwerp ôfkamen. Yn Parnas beseagen sawat hûndert man de plannen fan arsjitekt Sjoerd_Soeters. Dat wie yn 'e foarm fan sketsen, blaudrukken en kompjûterympresjes.

De measte lûden wiene posityf. As der al in punt fan krityk neamd waard, dan foelen guonts oer de saaiheid fan it gebou. Mar de measten wiene optein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)