'Doesburg-ruten beskermje'

27 jan 2007 - 13:28

De gemeente Smellingerlân docht te min foar behâld fan de glês-yn-lead-ruten fan Theo_van_Doesburg. Dat fynt de kultuerhistoaryske feriening Smelne's_Erfskip yn Drachten. Van_Doesburg siet by de groep De_Stijl.

It gebou dêr't de ruten yn sitte, is ferkocht. De nije eigner hat in fergunning oanfrege foar renovaasje. It gebou moat wol tagonklik bliuwe foar publyk en boppedat Ryksmonumint wurde, fynt Smelne's_Erfskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)