SC Hearrenfean - Heracles: 5-1

© Omrop Fryslân
SC_Hearrenfean helle freedtejûn út tsjin Heracles Almelo. Yn it Abe_Lenstra_stadion waard it 5-1 foar de ploech fan Gertjan_Verbeek. Lasse_Nilsson makke al nei 2 minuten de 1-0. Troch twa doelpunten fan Afonso_Alves waard de rêststân 3-0.
Yn de twadde helte skoarde Quansah noch wol de 3-1, mar dêrnei bepaalden Danijel_Pranjic en ynfaller Rob_Friend de einstân op 5-1. Hearrenfean stiet no op it seisde plak yn de earedivyzje.