Pealtsjes Ljouwert stikken

26 jan 2007 - 22:15
  • Auto's swaaie en moatte werom
  • It pealtsje is hjir dellitten sadat de bus der wol del kin

De gemeente Ljouwert hat yn oerlis mei de plysje besletten om de beweechbere pealtsjes op it Ruterskertier út te skeakeljen. Se foarmje de ôfsluting fan de wei, mar sakje nei ûnderen ta as der in bus oankomt. Ien fan 'e pealtsjes die it al hielendal net en it oare bleau te lang hingjen.

Automobilisten besykje achter bussen oan it ôfsluten Ruterskertier oer te kommen. Twa kear kamen se op de pealtsjes telâne mei skea as gefolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)