Bom op Skylge útskeakele

Ein fan de middei landt de EOD
Meiwurkers fan de EOD hawwe freedtejûn op Skylge mei sukses de ûntstekking ferwidere fan de bom dy't dêr fûn is. By sloopwurksemheden by de eardere diskotheek Actania yn Midslân is freedtemiddei in fleantúchbom oantroffen. De bom is 250 pûn swier.
Ut foarsoarch moasten sa'n 20 minsken yn de direkte omjouwing evakuearre. Doe't om 8 oere jûns de bom unskealik makke wie, koe elts wer nei syn eigen hûs.