Tjerk Hiddes-slûs wer klear

26 jan 2007 - 14:27

De problemen mei de Tjerk Hiddes-slûs yn Harns binne foarby. Fan't wykein knapte in skarnier fan ien fan de grutte doarren fan de slûs. Dy koenen dêrtroch net mear betsjinne wurde.

Om de skarnier meitsje te kinnen waard de doar begjin dizze wike út de slûs tild en op 'e kant lein. Freedtemoarn is de doar wer teplak takele. Yntusken wol er ek wer iepen en ticht en kin de skipfeart der wer lâns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)