Website mei ferlern guod

26 jan 2007 - 14:03

Minsken dy't yn Ljouwert guod ferlern ha, kinne dat no fia de website veiligleeuwarden.nl werom fine. Op de site kinne minsken oanjaan wat se kwyt binne. Ek minsken dy't wat fine, kinne dat op de website melde.

By de gemeente Ljouwert wurde alle dagen tsientallen saken ynlevere dy't minsken op strjitte fine. Wanten, kaaien, beurzen en medsyke apparatuer lizze soms skoften te wachtsjen op har eigner. De website moat dêrby helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)