It giet better mei de skries

Mear skriezen ferwachte yn Fryslân
It liket nei in tal mindere jierren wer wat better te gean mei de skries yn Fryslân. Troch de maatregels fan it provinsjale greidefûgelbehear wurde der de kommende jierren mear skriezen ferwachte.
De doelstelling is dat der yn 2020 sa'n 25 tuzen briedpearkes by de skriezen wêze sille. Fierder is der op dit stuit ek posityf nijs te melden oer de ljip. It tal ljippen is ferline jier net ôfnommen yn ferglyk mei 2005.