Wethâlder Flylân hâldt op

© Omrop Fryslân
Freerk_Westers hâldt op koarte termyn op as wethâlder fan de gemeente Flylân. Westers wie al fan doel om by de ferkiezings fan maart 2006 op te hâlden, mar waard troch syn partij frege om langer te bliuwen. Westers hat doe tasein in diel fan de nije perioade foar syn rekken te nimmen.
Omdat der de kommende tiid besluten naam wurde moatte oer mear gearwurking tusken de Waadeilannen, fynt Westers it in goed moment om no op te hâlden.