Omrop yn digitaal basispakket

26 jan 2007 - 11:41

Minsken mei digitale TV fan UPC hoege tenei net mear ekstra te beteljen foar de regionale omrop. Mei yngong fan takom moanne sitte de omroppen, sa as Omrop_Fryslân, gewoan yn it digitale basispakket.

Oant no ta moasten minsken mei digitale tillevyzje toch wer oerskeakelje nei it analoge sinjaal. In oar alternatyf wie in abonnemint op it djoerdere ekstra pakket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)