Omrop-programma's nominearre

De radioprogramma's De_Koperen_Tún, De Middei en PC Kafee binne nominearre foar in NL-Award. By De_Koperen_Tún giet it om de ôflevering oer Cissy van Marxveldt, by De Middei giet om in ôflevering Underweis. Sjouke_Lousma praat dêryn mei in frou dy't it grêf fan har mem fersoarget op memmedei.
Fierder is ek de ôflevering fan Wyn op Woansdei oer topmodel Doutzen_Kroes fan Eastermar nominearre. De NL-Awards wurde heal febrewaris útrikt.