Bies wint op 'e nij nijskwis

25 jan 2007 - 22:02

Goos Bies fan it Frysk Deiblêd hat syn titel as beste nijskenner fan Fryslân prolongearre.

Lyk as foarich jier wûn Bies tongersdeitejûn de Fryske nijskwis foar journalisten. Twadde waard Afke Meekma fan Omrop Fryslân. De beide sjoernalisten wiene yn de finale goed oan elkoar weage. Yn totaal diene der rom 30 sjoernalisten út Fryslân mei oan de nijskwis. De kwis waard holden yn it stedhûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)