Cramer pleatst har net foar WK

Cramer rêde it net op by de skate-off
Reedrydster Wieteke Cramer hat har tongersdei net pleatst foar it WK-allround.
Yn Thialf op it Hearrenfean wie Paulien van Deutekom de bêste. Earder al pleatsten Ireen Wüst, Renate Groenewold en Marja Vis harren foar it WK. By de mannen pleatsten Erben Wennemars en Wouter Olde Heuvel harren foar it WK-allround. Sven Kramer fan Aldskoat en Carl Verheijen wiene al wis fan dielname.