Ungelokken by it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Op de A32 ter hichte fan knooppunt Hearrenfean hat tongersdei in ûngelok plakfûn wêrby't twa minsken ferwûne rekke binne.
Nei alle gedachten troch it minne waar rekke ien auto oer de kop en in oare tsjin de fangrail. Brânwacht en de ambulânse moasten der ek oan te pas komme. Sawat tagelyk wie der ek noch in ûngelok op de A7 by it Hearrenfean. Hjirby wiene twa auto's belutsen, mar der rekke gjin ien ferwûne.