Dales en Leers ruilje fan plak

25 jan 2007 - 16:31

Boargemaster Dales fan Ljouwert ruilet fan plak mei syn kollega Leers fan Maastricht. Yn oktober nimme se elkoars funksje foar ien wike oer. Se tinke hjirmei nije ûnderfinings en ynsichten op te dwaan.

Om alfêst yn de kunde te kommen mei de Maastrichter kultuer, is Dales útnoege om by de oerdracht fan de stedskaai oan Prins Karnaval te wêzen. Dan kin er sjen hoe't it is om neat te fertellen te hawwen yn eigen stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)