Pendelbus nei reedriden

Mei de pendelbus nei it riden
By grutte reedryd-eveneminten yn iisstadion Thialf op it Hearrenfean wurde tenei pendelbussen ynset. Dat wurdt dien om it ferkear by it stadion better trochstreame te litten.
Besikers wurdt mei buorden it paad wiisd nei parkearterreinen yn de omkriten fan it stadion. Fan dy parkearterreinen ôf ride bussen nei it stadion. By it World Cup Sprint fan dit wykein wurdt de regeling foar it earst tapast.