Twarres wer by elkoar

It duo Twarres komt wer by elkoar. Mirjam Timmer en Johan van der Veen hawwe besletten wer tegearre muzyk te meitsjen.
Yn 2003 naam it duo nei in tal suksesfolle jierren ôfskie. Mirjam gie solo fierder ûnder de namme MIR. Fan har kaam ferline jier in CD út. Johan keas foar in kantoarbaan. De twa misse it tegearre muzyk meitsjen lykwols sa bot dat se besletten hawwe wer mei-elkoar op te treden.