Legionella yn swimbad Ljouwert

De dûses yn De Blauwe Golf kinne foarearst net brûkt wurde
Yn swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is woansdei by in rûtinekontrole de legionellabaktearje fûn. Ut foarsoarch kinne swimmers de dûsen foarearst net brûke. It gemeentelik sportbedriuw hat de provinsje en de VROM-ynspeksje op de hichte brocht fan de besmetting yn it swimbad.
By de GGD hawwe har oant no ta gjin minsken melden mei klachten. Der sil ûndersocht wurde hoe't de baktearje bestriden wurde moat.