Siler Postma sânde yn Amearika

25 jan 2007 - 11:08

Siler Pieter-Jan Postma, earder fan Terkaple, stiet sânde yn it klassemint fan de Rolexcup-wedstriden by Miami yn Florida yn Amearika. Yn de Finn-klasse einige hy woansdeitenacht yn de earste race as 21ste, yn de twadde as earste en yn de tredde race finishte hy net. Dy lêste útslach telt net mei, omdat de minste race skrast wurdt.

Postma stiet no fjirtjin punten efter op de koprinner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)