Nijefurd past Marreprojekt oan

25 jan 2007 - 11:06

It wurk yn de gemeente Nijefurd foar it Fryske Marrenprojekt falt djoerder út as earder tocht. Om dy reden stelle boargemaster en wethâlders de gemeenterie foar de plannen oan te passen.

Sa soe de ferheging fan in brêge by Hylpen mar skrast wurde moatte en baggerwurk by Warkum útsteld. Oft de gemeenterie akkoart giet mei de oanpassingen wurdt oer twa wiken bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)