Nije wenwiken min wurdearre

© Omrop Fryslân
Friezen jouwe har eigen nijbouwiken en bedriuweterreinen in dikke ûnfoldwaande. Bedriuweterreinen krije in 3,3 en de nije wenwiken in 4,2. Dat docht bliken út ûndersyk fan studinten fan hegeskoalle Van Hall-Larenstein yn Ljouwert, yn opdracht fan de Fryske Miljeufederaasje.
De miljeufederaasje wol no mei it rapport in diskusje op gong bringe oer it oanlizzen fan nije wenwiken en bedriuwsterreinen.