Priis foar 'pannakoai'

24 jan 2007 - 23:24

It plan foar it oanlizzen fan in saneamde 'pannakoai' op de Jouwer hat woansdeitejûn in priis fan 2500 euro wûn fan de gemeente Skarsterlân.

Yn de gemeente waard in projekt hâlden foar jongeren. Dy koene sels in plan betinke en it bêste plan soe 2500 euro krije. Earst wiene 38 plannen yntsjinne, dêr wiene woansdei noch 4 fan oerbleaun. In pannakoai is in fjild dêr't in soarte fan fuotbalspul op spile wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)