Nijpels en Mulder hawwe spul

24 jan 2007 - 18:21

Deputearre Bertus Mulder hat woansdei yn de steaten úthelle nei Kommissaris Nijpels. Mulder fynt dat Nijpels him te bot bemuoit mei syn portefeuille. De krityk fan Nijpels op it Fryske ûnderwiis, ferline wike yn Kollum, wie foar Mulder de drip.

De ChristenUnie/SGP fynt dat Nijpels him net mei ûnderwiisbelied bemuoie moat. Ek soe Nijpels gjin politike útspraken dwaan moatte yn ferkiezingstiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)