Ofslútdyk bestiet 75 jier
Der komt mooglik in strânbûlevaar tusken Koarnwertersân en Surch mei fakânsjehuzen by de Ofslútdyk. Dat wol it gemeenbestjoer fan Wûnseradiel. Boargemaster Piersma sei dat woansdei by it 75-jierrich jubileum fan de Ofslútdyk.
Yn it jubileumjier binne der tal fan aktiviteiten, lykas in ynformaasjesintrum by Koarnwertersân en in ynternasjonale byienkomst oer wetterbehear.