Bettere farrûtes yn Fryslân

24 jan 2007 - 15:42
  • Fryslân moat better tagonklik wurde foar boatsjes
  • de blauwe pylken op de kaart binne tagongspunten

It Fryske Marreprojekt moat in tredde mear banen opsmite. It giet om 1200 banen dy't mei de wettersportsektor. Dat wol de provinsje yn de twadde faze fan it projekt. Fryslân moat tagonkliker wurde foar boatsjes en dêrom moatte de farferbinings ferbettere wurde.

It giet neffens deputearre Mulder om in bredere slûs by Starum en goede farrûtes nei Grinslân en Drinte. De toeristyske sektor kin sa groeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)