Twa brêgen Jutryp wurde ien

24 jan 2007 - 14:31

De twa brêgen oer de Soalsleat by Jutryp wurde gearfoege ta ien. De wurksumheden begjinne ein dizze moanne. Om't de rydbaan omlein wurdt, moat it ferkear fan febrewaris oant septimber de brêge yn de paralleldyk brûke. Der komt in tydlike fytsbrêge.

De nije brêge moat heal septimber klear wêze. Foar de Alvemarretocht wurde klúnfoarsjennings makke. De Soalsleat is ek bekend as de Jutriperfeart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)