Mear toeristen nei Fryslân

der moatte mear toeristen nei Fryslân komme
Fryslân moat de earste attraksje wurde nei Amsterdam. De provinsje hat grutte lûkers as de Waadeilannen, de Fryske marren en de alve stêden. Dat stiet yn de evaluaasje fan de toeristyske beliedsnota.
Neffens ferantwurdlik deputearre Bertus_Mulder moat Fryslân mear lef toane en in dúdlike kar meitsje foar de toerist. It slagget lykwols net om it tal oernachtingen foar 2010 mei 15 prosint tanimme te litten.