GGD jout ynfo oer SOA's

GGD ynformearre mannen dy't nei prostiutees geane oer SOA's
Mannen dy't wolris nei in prostituee gean yn Ljouwert ha tiisdei foarljochting krigen oer de gefolgen fan ûnfeilige seks. De GGD_Fryslân woe de mannen ynformearje oer SOA's en de mooglikheid om in SOA-test te dwaan. Der is noch hieltyd ûndúdlikheid oer oer wat wol en net feilich is.
Meiwurkers fan de GGD_Fryslân wienen op 'e Weaze en ha sa'n 30 mannen oansprutsen. De mannen reagearren posityf.