Tips oer berôvings Drachten

24 jan 2007 - 11:51

De plysje hat seis tips krigen oer de berôvingen yn Drachten nei de útstjoering fan Plysjepost op Omrop Fryslân. Yn in pear wiken tiid binne yn Drachten en Oerterp trije pompstasjons, in fideoteek en in bioskoop oerfallen.

De oerfaller freget om sigaretten en jild en driget dêrby. By de bioskoop mislearre dat, mar by de pompstasjons en de fideoteek makke er wol bút. De plysje tinkt dat it deselde man is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)