Provinsje bestriidt jabikskrûd

giftige jabikskrûd moat bestriden wurde
De provinsje sil jabikskrûd bestride yn de bermen fan provinsjale diken. Ek wurdt it mooglik makke grûneigners te twingen de plant oan te pakken. It foar kij en hynders giftige krûd komt op hieltyd mear plakken foar.
Om grûneigners op de gefaren fan de plant te wizen, komt der in foarljochtingskampanje. Der is 123.000 euro beskikber foar it bestriden. De bestriding moat foar de maitiid begûn wêze as it krûd wer opkomt.